TRYATER YN SEISBIERRUM
geplaatst op 11-10-2016ALVAST VOOR IN DE AGENDA
TRYATER YN SEISBIERRUM
Op freed 9 desimber spilet Tryater yn doarpshûs
It Waed yn Seisbierrum
De wierheid fan Wylgeragea
Yn in labyrint fan wierheid en geroften
Yn in lyts doarpke is alles goed. De minsken witte wat se oan mekoar ha. Famyljes kenne me-koar al generaasjes lang. Dat jout rêst en fertrouwen. Hjir stappe de minsken op bêd sûnder de doar op slot te draaien. Oant in skaad oer de lytse mienskip falt. Der wurdt ynbrutsen. En dan binne de rapen gear. Unheil folget. Geroften wurde fertinkingen en fertinkingen wurde beskuldigingen. Oant de dieder fûn Wurdt, sil it nea wer wurde sa’t it wie.
Foto Maarten van der Wal
Tekst Kees Roorda ‒ oersetting Romke Toering ‒ regyJos van Kan ‒ dramaturgy Inés Sauer‒ spilers Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Eva Meijering, Lysbeth Welling en Joop Wittermans.
De foarstelling begjint om 20.00 oere
Kaarten:
Reservearje: www.tryater.nl of 058-253 95 50.
En foar de foarstelling oan de seal.